UPC-kantoar tige enerzjysunich

09 des 2011 - 12:58
  • It kantoar fan UPC yn Ljouwert

Yn Ljouwert wurdt op it stuit boud oan it meast enerzjysunige kantoar fan Fryslân. It giet om it nije kantoar fan kabelbedriuw UPC. Dat kantoar moat plak jaan oan 450 meiwurkers en komt oan de Harnzertrekwei. Op it dak komme sinnepanielen, it reinwetter wurdt opheind om de wc's troch te spielen en by de ruten komme spegels om mear sinneljocht yn de kantoaren te krijen. Mar der is ek wat tûks betocht om de kantoaren waarm te krijen, of koel yn tiden fan waarmte. Ut in put yn de parkeargaraazje wurdt wetter helle, dat dêr foar soarget, seit bou-koördinator Jos Schut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)