Unyk kennissintrum oprjochte

04 jun 2002 - 00:00

GCO Fryslân en it ECNO fan de NHL hawwe tiisdei in Kennissintrum Underwiis- kânsen oprjochte. It ECNO hâldt him dwaande mei ûnderwiisbegelieding yn it fuortset ûnderwiis, wylst it GCO dat docht foar it basisûnderwiis.

Troch dy tsjinstebondeling ûntstiet in unyk kennissintrum dêr't skoallen telâne kinne foar stipe. Doel is om ûnderwiisefterstannen fuort te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)