Unyk deiboek út Wrâldoarloch

30 maaie 2014 - 19:17

Fryslân hat der in nij en unyk dokumint út de Twadde Wrâldoarloch by. It giet om it deiboek fan Jan Eisenga en syn frou Tjitske Eisenga-de Groot. Jan Eisenga wie ûnderwizer op 'e Gordyk, mar waard yn 1943 troch de Dútsers fusilleard. Jan Eisenga hold in deiboek by, mar nei syn dea skreau syn frou oant 1946 troch yn it boek fan har man.

Utjouwer Steven Sterk fan De Gordyk ûnduts dit en omdat it neffens him unyk is, hat hy it deiboek printsje litten en útjûn. Freed wie de presintaasje yn it Fersetsmuseum yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)