Unyk blommeboek by Tresoar

03 sep 2013 - 07:34
  • In replika fan it blommeboek
  • De makker fan it blommeboek makke der ek in skilderij oer

It is mar de fraach oft Tresoar fan snein ôf in ieuwenâld boek tentoanstelle mei. It boek, in saneamd Florilegium, dat troch de 17e ieuske keunstner Franciscus de Geest út Ljouwert makke is, heart thús yn de nasjonale biblioteek fan Rome. Spesjaal foar de útstalling yn Tresoar wurdt it boek oerflein, mar de Italjanen wolle earst witte oft it djoere blommeboek hjir wol in goed plakje krijt. Se sille Tresoar dêrom earst kontrolearje.

Neffens Tresoar hoege de Italianen harren gjin soargen te meitsjen, se bewarje mear djoere boeken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)