Unwissens foar Meldij net oer

18 jun 2014 - 11:22

Mei it opstappen fan it bestjoer fan keunstesintrum De Meldij yn Drachten is de ûnwissichheid foar de goed fyftich personielsleden net foarby. Dat seit Wim de Vrij, gitaardosint en foarsitter fan de ûndernimmingsried. De Meldij wurdt op termyn ûnderdiel fan De Lawei. Nei de gearfoeging kinne meiwurkers allinnich noch as zzp'er yn in keunstesintrum oan de slach.

Noch dit jier moat elk personielslid beslute oft se selsstannige wurde wolle of ûntslach nimme.

It bestjoer fan De Meldij is opstapt om'it it him net fine koe yn in beslút om ien miljoen euro te brûken foar it tichtsjen fan tekoarten fan De Lawei. Dat jild wie bedoeld foar subsydzje oan kursisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)