Untwikkelbedriuw OBL opheft

06 mrt 2013 - 10:04
  • Ljouwert (hjir op argyffoto)

It ûntwikkelingsbedriuw fan de gemeente Ljouwert, OBL, bestiet net mear. De gemeente nimt de gebouwen fan de stichting oer foar hast 5 miljoen euro. Doel fan OBL wie by de start yn 2008 om moderne en ynnovative bedriuwen nei de stêd te lûken. Dat is troch de krisis de lêste jierren net goed slagge. It ûntwikkelingsbedriuw docht it sa min dat se de eigen broek net mear omheech hâlde kin. De húsbankier fan OBL, Rabobank, en de gemeente litte in flinke finansjele fear by de oername fan de gebouwen.

Ljouwert wol de akwisysje fan fernijende bedriuwen fan no ôf sels wer oppakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)