Untwerpen Keninklike flagge

01 okt 2001 - 00:00

Der wiene hast 30 ynstjoerings foar de ûntwerpwedstriid foar de 'Máximaflagge', dy't útskreaun is troch de Dokkumer flaggesintrale. Fan al dy ûntwerpen binne fiif oerbleaun.

Dizze wike binne de ûntwerpen te sjen yn de flaggesintrale, sadat besikers en klanten ek noch har stim útbringe kinne. Op 15 oktober wurdt op de jierbeurs yn Utert de winnende flagge bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)