Untucht mei famke fan 7 jier

27 jul 2010 - 10:12
  • It Boskpaed (foto's Omrop Fryslân)
  • Kemping De Wâldsang

In man (51) út Drachten moat langer yn foararrest bliuwe foar ûntuchtige hannelings mei in famke fan 7 jier. Dat soe bard wêze op 14 july op kemping De Wâldsang yn Bakkefean. Doe't se in iisko keapje woe, frege de man it famke it paad nei it boartersplak. Mar hy naam har mei nei it Boskpaed dêr't er har tenei kaam en mei har knoeide.

It famke komt út 'e gemeente Achtkarspelen. Se wie op fakânsje op de kemping yn Bakkefean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)