Untsnapte seehûnen yn Fryslân

17 feb 2009 - 15:01

Twa seehûnen dy't ôfrûne sneon út de seehûnekresj fan Pieterburen ûntsnapten, binne moandei sjoen yn Burdaard en Ljouwert. Sneon ûntsnapten trije jonge seehûnen út de kresj. Ien waard al frij fluch weromfûn, de oare beide dus net.

Wêr't de twa no binne, wit de kresj net. Eigneresse Lenie 't Hart ferwachtet dat de bisten mei de stroom mei nei de Tsjerk Hiddes-sluzen fan Harns swimme en dêr it waadgebiet yn geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)