Untsnapte seehûn net fongen

22 feb 2009 - 08:28

It is de seehûnekresj fan Pieterburen sneon net slagge om de ûntsnapte seehûn te fangen. It bist wie sjoen yn de Snitsermar. In gast fan Paviljoen Sneekermeer yn Offenwier seach it bist yn de jachthaven by it paviljoen swimmen. Doe't de meiwurkers fan de kresj by de Snitsermar oankamen, wie it bist al wer fuort. De seehûn is dêrnei noch net wer sjoen.

In wike lyn ûntsnapten der trije seehûnen út de kresj. Ien waard al frij gau werom fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)