Untsnapte kalkoengier fongen

24 maaie 2010 - 10:39
  • (Foto: Rianne de Haan)

De kalkoengier dy't in pear dagen lyn ûntsnapte by bistetún Aqua Zoo, is sneintejûn fongen. It bist siet op in skuorre yn Goaiingahuzen. Meiwurkster Janet Ophuis koe de fûgel yn de sliep mei in net te pakken krije.

De fûgel is de ôfrûne dagen fan Ljouwert oer Wergea nei Goaiingahuzen flein. Der is ferskate kearen besocht it bist te fangen, mar dat slagge pas yn it tsjuster. De gier hat neat oan syn tocht oerhâlden en is moandei wer yn syn foljêre pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)