Untslaggen by Waadferiening

12 nov 2003 - 00:00

De Waadferiening yn Harns ûntkomt net oan de besunigingen. Minsken ha minder jild foar goede doelen oer en dat de fernimt ek de Waadferiening. Takom jier moat de organisaasje 7 ton besunigje. De helte fan it personiel krijt dien en in protte aktiviteiten wurde stilset.

De klap komt hurd oan by de feriening, dy't al 38 jier bestiet. Foar 1 jannewaris wurdt bekend hokker minsken derút moatte. Oan opheffe wol de Waadferiening net tinke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)