Untslaggen Tichelaar Makkum

07 okt 2009 - 20:38
  • Untslaggen by it âldste bedriuw fan Nederlân

Ierdewurkfabryk Keninklike Tichelaar yn Makkum sit yn swier waar en dat betsjut sân twongen ûntslaggen. It bedriuw hat oant en mei augustus fan dit jier in lytse 600.000 euro ferlies draaid. Dit wurdt feroarsake troch de ekonomyske krisis, mar ek troch problemen yn it produksjeproses.

It bedriuw rjochtet him sûnt in pear jier mear op it glazuerjen fan dakpannen, bakstiennen en gevelplaten en minder op it tradisjonele ierdewurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)