Untslaggen by Steinfort Glês

30 jul 2001 - 00:00

Steinfort Glêsyndustry yn Frjentsjer set in fyfde fan syn fêste meiwurkers oan 'e kant. Troch in reorganisaasje krije tritich fan de 150 personielsleden dien. Ek ferlieze fjirtich minsken mei in tydlike baan har wurk.

De grutte reorganisaasje is nedich om't de omset gâns ôfnommen is. Twa grutte ôfnimmers bestelle de helte minder as se oars alle jierren dogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)