Untslaggen by Steatsboskbehear

12 des 2012 - 10:08

By Steatsboskbehear ferdwine de kommende tiid 200 fan de 1000 banen. De natoerorganisaasje ferwachtet dat dat sûnder twongen ûntslaggen kin, om't de ynkrimping fia natuerlik ferrin gean kin. Steatsboskbehear moat besunigje, om't se de kommende jierren folle minder subsydzje krije.

Foar 2014 betsjut dat dat se goed 40% út de eigen ynkomsten helje moatte en dat is 10% mear as no. Steatsboskbehear tinkt dat se mear ynkomsten helje kinne út de ferkeap fan hout út de bosken en it leverjen fan houtsnippers en gers oan bio-ynstallaasjes.

Minsken sille ek betelje moatte om oan ekskurzjes mei te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)