Untslaggen by Runia Transport

19 mrt 2012 - 11:55

By Runia Transport BV yn Nijemardum krije tsien minsken dien. It transportbedriuw hat ûntslach oanfrege foar de wurknimmers. De omset is mei 35 persint sakke trochdat in konkurrint ûnder de priis sitten gien is mei it transport fan woartels. Dêrneist hat it bedriuw lêst fan de hege diselprizen en transporttariven.

Runia hat no noch 24 minsken yn it wurk. Direkteur Runia lit witte dat it bedriuw in tal trouwe opdrachtjouwers hat yn Fryslân en dat it bedriuw dêrmei sûn bliuwe kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)