Untslaggen Plusfood Easterwâlde

05 feb 2004 - 00:00

By Plusfood yn Easterwâlde driigje 45 meiwurkers har baan te ferliezen as gefolch fan in reorganisaasje. It bedriuw is spesjalisearre yn produkten fan hinne- en kalkoenfleis. Dy produkten wurde ûnder de namme Friki op 'e merk brocht.

By Plusfood wurkje 260 minsken. Twongen ûntslaggen wurde net útsletten. It giet al langer net goed mei Plusfood. Ofrûne jier waard noch in festiging yn Uden sletten. Doe krigen 50 minsken dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)