Untslaggen by meubelmakker

10 nov 2003 - 00:00

By meubelmakker Spinder op 'e Harkema krije santjin arbeiders dien. Reden is dat de ferkeap fan djoerdere meubels ôffalt troch grutte konkurrinsje op 'e merk. Boppedat krije ek twa minsken op it ekspedysjesintrum yn Surhústerfean dien.

Spinder ûndersiket op 't stuit de mooglikheden om yn Sina goedkeap te produsearjen. Mar de ûntslaggen hawwe dêr neat mei te krijen. De direksje ferwachtet dat de merk gau wer herstelt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)