Untslaggen Ljouwerter krante

17 mrt 2009 - 15:15
  • Minder abonnees en minder advertinsjes by LC

By de Noordelijke Dagblad Combinatie yn Fryslân ferdwine goed 40 banen. De NDC jout ûnder oare de Leeuwarder Courant en in grut tal streekblêden út. De Ljouwerter Krante moat op de redaksje mei 10 minsken minder ta. By de bûtenkantoaren giet it om 30 banen.

In soad bûtenkantoaren ferdwine en wurde konsintrearre. De balyfunksje ferfalt by hast alle kantoaren. Der wurde 50 oant 60 minsken troffen troch it plan. De ûndernimmingsrie moat him noch útsprekke oer it foarnimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)