Untslaggen by GTI

19 nov 2003 - 00:00

By de yndustrydivyzje fan GTI yn it Noarden krije 92 minsken dien. Dat melde fakbûn FNV-Bondgenoten tiisdeitejûn. De ûntslaggen binne ferdield oer fiif festigings. Dy yn Ljouwert en dy op It Hearrenfean hearre dêr ek by. It personiel is woansdei op 'e hichte brocht fan it nijs.

Lanlik gean der 400 minsken út by GTI. FNV-Bondgenoten is lulk dat se dit pas hiel let te hearren krigen. It bûn fynt dat twongen ûntslaggen net hoege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)