Untslaggen Estro berne-opfang

24 maaie 2013 - 11:29

Kresj-eksploitant Estro skriuwt reade sifers en is fan doel om 400 fulltime meiwurkers dien te jaan. Der komme ek Fryske meiwurkers by de berne-opfang op strjitte te stean, omdat ek opfang Catalpa ûnder de organisaasje falt. Dy hat festigingen yn Ljouwert, Drachten, Snits en Heech.

De klap komt hurd oan, want der binne ferline jier al 750 banen ferlern gien. Wêr't de klappen falle wurdt letter dizze moanne bekend makke, neidat it sosjaal plan opsteld is. By Estro wurkje oer hiel Nederlân 3300 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)