Untslaggen driigje by CHN

10 des 2004 - 16:03

Tsientallen dosinten fan de CHN yn Ljouwert reitsje mooglik har baan kwyt. It giet om kontrakten dy't net ferlingd wurde. Om hoefolle kontrakten it giet, wol de hegeskoalle net sizze. Nei alle gedachten hat it te krijen mei de minne finansjele sitewaasje fan de skoalle.

It personiel is benaud dat 60 oant 100 minsken ûntslein wurde. Foar in grut part giet it om praktykleararen fan de Hotelskoalle. By de begrutting nije wike wurdt mear dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)