Untslaggen by Altenburg

25 mrt 2011 - 11:09

By Altenburg Fundearringstechniken op 'e Lemmer krije sechtsjin fan de sechstich minsken dien. It bedriuw is ûnderdiel fan de IJsselmeer Betongroep. Reden foar de ûntslaggen is de minne situaasje yn de bou. Dy liket op koarte termyn net te ferbetterjen.

De ûntslaggen falle sawol op kantoar as yn 'e útfiering. It bedriuw tinkt dêrmei de krisis yn de bou trochkomme te kinnen sûnder fierdere ûntslaggen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)