'Untslachfergoeding omheech'

02 nov 2008 - 13:17

De ûntslachfergoeding foar âldere minsken moat omheech. Dat sei fakbûnsbestjoerder Anne van Dijk sneon yn Ljouwert. Hy die dat by in huldiging fan leden fan FNV Bondgenoten.

Van Dijk reagearre yn syn taspraak op it beslút fan de kantonrjochters fan dizze wike. Dy wolle de fergoeding by ûntslach júst ferleegje. Yn Ljouwert binne sneon 47 leden fan FNV Bondgenoten yn it sintsje set, foar har jierrenlange stipe oan it fakbûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)