Untslach by Rabobank Burgum

03 nov 2010 - 12:24

Der moatte seker acht minsken út by Rabobank Burgum/De Lauwers. No wurkje der noch 180 minsken. It personiel is tiisdei en woansdei op de hichte brocht. It giet om personiel op de ôfdieling partikuliere klanten.

Ferline jier binne al sân fan de tolve kantoaren sletten. Allinnich yn de gruttere plakken binne kantoaren oerbleaun, lykas Burgum, Kollum en Bûtenpost. Mooglik moatte der noch mear minsken út. Dat hat te krijen mei feroarings as ynternetbankieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)