Untslach amtner wie terjochte

08 des 2009 - 20:12

De provinsje hat terjochte in amtner ûntslein, dy't fertroulike ynformaasje trochspile hie oan in sjoernalist fan de Ljouwerter Krante. Dat hat de bestjoersrjochter yn Ljouwert bepaald. Dêr hie de eardere amtner har ûntslach oanfochten.

De frou stjoerde de sjoernalist ein 2007 in email mei fertroulike gegevens oer de organisaasjekultuer op it provinsjehûs. De rjochter seit dat de frou dat net dwaan mochten hie en dat se terjochte ûntslein is

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)