Untrommingsoefening rjochtbank

04 des 2009 - 14:29

By de rjochtbank yn Ljouwert hat freed in grutte ûntrommingsoefening west. Om 11.00 oere waarden alle ferdjippings fan it rjochtbankgebou ûntromme, útsein de sellen dêr't fertochten sitte dy't foarkomme moasten.

De rjochtbank en brânwacht sjogge tefreden werom op de oefening. Meiwurkers wiene gau bûten it gebou, wol kin de ûnderlinge kommunikaasje op punten better. It wie de earste kear dat de bedriuwshelpferliening fan de rjochtbank sa'n oefening hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)