Untromming fertutearze fee

18 mrt 2006 - 17:30

De algemiene ynspeksjetsjinst hat freed by in pleats oan de Reinerswei tusken Grou en Jirnsum 65 kij yn beslach nommen. Twa binne ôfmakke. De feehâlder is oanhâlden. Hy hie in AID'er bedrige.

Yn de stal rûnen sa'n 100 kij. Guon binne fermeargere, ha iepen plakken op de rêch en sitte ûnder de stront. Nei oerlis mei de offisier fan justysje is besletten yn te gripen. By de boer binne earder al kij yn beslach nommen. Dy hiene gjin earflappen yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)