Untromming fan huzen soarget foar skermutselingen

27 nov 2014 - 17:23
  • Boeien

By de ûntromming fan twa huzen yn Haskerdiken en Ljouwert ha tongersdei skermutselingen west tusken de plysje en in groep demonstranten. De ûntromming hie te krijen mei achterstallige hypoteekbetellings. De demonstranten, wêrûnder de bewenners fan de huzen, binne it dêr net mei iens. Sy fine dat banken it rjocht net hawwe om minsken út harren hûs te setten.

Neffens de demonstranten hienen de plysje en de doarwaarder net de goeie papieren. Om't guon fan de demonstranten de plysje foar de fuotten rûnen, binne se tydlik fêstset.

Neffens in wurdfierder fan de plysje is der gjin geweld by de ûntromming brûkt. In wurdfierder fan de demonstranten seit dat de plysje wol deeglik geweld brûkt hat. Mei-inoar binne sân minsken oppakt. Seis dêrfan binne nei in pear oeren wer frijlitten. De sânde sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)