Untromming by Body & Fit

23 sep 2014 - 09:54
  • Plysje

By it distribúsjesintrum fan Body & Fit Sportvoeding op It Hearrenfean binne moandeitejûn fjouwer minsken net goed wurden. Fanwege in fermoeden fan koalmonokside waard de boel ûntromme en de brânwacht ynskeakele. Dy hat mjittings dien, mar koe neat fine.

De fjouwer meiwurkers binne foar kontrôle nei de Dokterswacht gien. Se koene dêrnei wer nei hûs ta. By it distribúsjesintrum is de boel goed fentilearre. Dêrnei koe it personiel ek wer oan it wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)