Untrefredenheid oer FUMO

03 feb 2014 - 13:58
  • Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO)

De FUMO, de mienskiplike organisaasje fan Fryske gemeenten foar miljeufergunnings en miljeuhanthavening, moat net djoerder wurde as yn it foar ôfpraat. Dat seit wethâlder Lieuwe Bijleveld fan Kollumerlân. Bijleveld is it net iens mei de begrutting fan de FUMO foar it jier 2014.

Neffens dy begrutting moat Kollumerlân sa'n 50.000 euro mear oan FUMO bydrage as dêr't op rekkene wie. Neffens Bijleveld is dat yn striid mei de útgongspunten fan de FUMO.

De FUMO is yn jannewaris úteinset yn Grou. De gemeente Kollumerlân wol FUMO no witte litte dat de gemeenten -en net FUMO sels- beslute hoefolle jild as de organisaasje útjaan mei. It FUMO-bestjoer praat yn maart oer de begrutting foar it rinnende jier.

Neffens direkteur Van der Wal fan FUMO is Kollumerlân de earste gemeente dy't publyklik witte lit dat se it net iens is mei de begrutting fan FUMO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)