Untploffing yn nije camper

28 sep 2011 - 09:59
  • Foto: Jan Beets, 112 Nederlân

De camper fan 'e famylje Moorlag út Kollumersweach is tiisdei folslein fernield troch in eksploazje. De eigner hie de kampearauto moandei kocht. Hy woe de kuolkast útteste. Dizze wurke op gas. Mooglik wie der in lek, want de romte stie fol mei gas dat ûntplofte. Troch de eksploazje waarden de wanden fan de camper nei bûten drukt.

De eigner rekke beknipe. Hy waard troch in buorman út de camper helle. De man rekke hjirby licht ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)