Untploffing by berne-opfang

18 nov 2003 - 00:00

By berne-opfang De Einekoer op It Hearrenfean is snein in grutte fjoerwurkbom ûntploft. De bom is makke troch twa Feansters fan 19 en 20 jier. Se hiene karbid yn in plestik tonne dien dy't foar it gebou oan 'e Gruttostrjitte útinoar klapte.

It foarportaal rekke swier ûntset en ruten sprongen derút. Omwenners tochten dat de klap feroarsake wie troch in gasûntploffing. It wie wykein, dus wiene der gjin bern yn it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)