Untmanteljen is slagge

28 apr 2010 - 16:35
  • Op 'e pleats fan 'e famylje Koopal (foto: Omroo Fryslân)

De bewenners fan de goed fyftich ûntromme wenten om de fleanbasis hinne kinne wer nei hûs. Om kertier oer fjouweren waard woansdei it sein feilich jûn. Sûnt it begjin fan 'e middei wie op de basis wurke oan it ûntmanteljen fan fjouwer bommen út de Twadde Wrâldoarloch. Dat is goed slagge.

De plysje-ôfsettings wurde opromme en de goed 150 minsken dy't foar dizze dei har hûs út moasten, kinne no wer werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)