Untknoping oerlêst Petfood

28 okt 2010 - 14:42

De gemeente Dantumadiel hopet takom wike dúdlikheid jaan te kinnen oer de stankoerlêst fan Teeling Petfood, it bistefrettenfabryk yn Feanwâlden. It fabryk soarget foar oerlêst yn de omkriten fan it doarp. It bedriuw hat yntusken in rapport opsteld oer de stank.

Ferline wike wie dêroer in oerlis tusken it fabryk en de gemeente. Takom wike ha beide partijen noch in petear. Dan moat der mear dúdlik wurde oer de maatregels dy't Teeling Petfood nimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)