Untkenning yn saak-Mûnein

18 apr 2013 - 10:29

De Ljouwerter dy't feroardiele is foar in stekpartij yn Mûnein yn 2011 ûntkent yn heger berop dat er ien delslutsen hat. Hy soe allinnich mar in skop en in klap útdield hawwe.

De man wol yn heger berop skjin skip meitsje. "Ik heb niemand neergestoken", sei er. De Ljouwerter stiet terjochte foar besykjen ta moard of deaslach.

De man hat no in oare advokaat, mr Van Dijken. Syn foarige advokaat hat him net goed advisearre, seit er. Hy seit oant no ta dat er nearne mei te meitsjen hie, mar wol no iepen kaart spylje. De haadfertochte komt foar it earst mei in folslein nije ferklearring. It Hôf wrakselet dêrmei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)