Untheffing spoaroergong

14 sep 2000 - 13:27

Trije omwenjenden fan de spoaroergong Priesterakker yn Feanwâlden krije in ûntheffing fan in healjier om dochs fan de oergong gebrûk te meitsjen. Yn ferbân mei de sneltrein tusken Ljouwert en Grins is de oergong sletten.

Se hienen beswier tsjin de ôfsluting oantekene om't har earder ferteld wie dat de oergong iepen bleau. In gemeentlike kommisje jout de omwenjenden gelyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)