Untfiering earder besocht

16 des 2003 - 00:00

De ûntfierder fan Lusanne van der Gun hat earder dit jier besocht om har te ûntfieren. Dat makke de offisier fan justysje tiisdei bekend by de rjochtsaak yn Ljouwert. De saak wurdt pro forma behannele om't de 63-jierrige fertochte út Ryptsjerk noch yn it Pieter Baan Centrum ûndersocht wurdt.

De saak wurdt op 26 febrewaris ynhâldlik behannele. Lusanne waard ein augustus út Aldeberkeap ûntfierd. Twa dagen letter waard se wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)