Untfierd famke hjir werom fûn

23 feb 2005 - 16:17

In famke fan 15 moanne út Elburg is woansdei werom fûn yn Fryslân. It famke wie moarns troch har heit meinaam út it hûs fan de mem. Hy drige dêrby it famke dea te meitsjen. De plysje fûn út dat de man nei famylje yn Fryslân gien wie.

Fanwege de driging dat de man it famke ombringe woe, doarde de plysje it hûs fan de famylje earst net yn. Dat waard wol dien doe't de man jûns sûnder it famke nei in ôfspraak ried. De man is oppakt, it famke is werom by de mem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)