Untfangst Omrop Fryslân Radio flink ferbettere

30 sep 2015 - 14:50

Fan woansdei ôf is de ûntfangst fan Omrop Fryslân Radio yn de súdeasthoeke flink ferbettere, troch de komst fan in ekstra stjoerder. Fral yn de buert fan Appelskea wiene der soms steuringen, trochdat it sinjaal fan Omrop Fryslân fuortdrukt waard troch oare stjoerders op de radiomêst fan Smilde. Omrop Fryslân hat dêr sûnt woansdei in eigen stipestjoerder, op 92.5 FM.

Sûnt de grutte frekwinsjeferoaring yn 2002 waard der al wurke oan ferbetterings, ûnder oaren troch ferpleatsing fan de stjoerder of in hegere antenne. Dat smiet net genôch op.

Sûnt maaie is Omrop Fryslân Radio ek digitaal te ûntfangen, fia it saneamde DAB+ systeem. Dêrfoar binne der yn in grut diel fan Noard-Nederlân stjoerders delsetten. Op de digitale radio's is Omrop Fryslân sels yn Gelderlân noch yn goeie kwaliteit te ûntfangen.

Om mear bekendheid te jaan oan DAB+ wurdt nije wike 'de wike fan de digitale radio' hâlden. Ek Omrop Fryslân docht dêr oan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)