Unterjochte ûntslach direkteur

06 maaie 2010 - 15:47

Direkteur Ruud Beijers fan sikehûs Tjongerskâns is ûnterjochte ûntslein. Neffens de kantonrjochter op It Fean moat it sikehús Beijers wer as direkteur oan it wurk gean litte.

De Ried fan Tafersjoch hie Beijers ûntslach oansein, omdat se gjin fertrouwen mear yn him hiene. Beijers waard fertocht fan it wytwaskjen fan it jild dat syn eks-partner ôftroggele hie fan minsken út societyrûnten. Ek soe er jild fan syn tante op syn eigen rekken oerboekt ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)