Unteigening foar Heak giet los

31 jan 2012 - 16:25

Minister Schultz van Haegen fan ynfrastruktuer en miljeu hat it keninkik beslút foar it ûnteigeningstrajekt foar de Heak om Ljouwert publisearre. Dêrmei kinne ûnteigeningsprosedueres tsjin grûneigeners begjinne. De provinsje hat de ôfrûne tiid mei 50 eigeners praat en is der mei 38 minsken útkaam. De provinsje ferwachtet de kommende tiid mei noch in pear eigeners in akkoart te tekenjen.

De rest krijt noch ien kear in oanbieding. As se hjir net op yngean, moatte se foar de rjochter komme. Dy beslút dan oft de eigeners harren lân kwyt reitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)