Untefreden sponsors prate

01 mrt 2013 - 17:07
  • Publyk achter de ploech

In groep ûntefreden sponsors hat freed byinoar west om te praten oer de krisis by SC Hearrenfean. De sponsors binne net te sprekken oer it fierde belied by de klup en oer de rol dy't foarsitter Robert Veenstra dêryn spilet. It petear fan in groep fan 9 ûntefreden jildsjitters duorre in goed oere. Sy fertsjinwurdigje in bedrach fan likernôch ien miljoen euro.

It petear wie op it haadkantoar fan Arriva op It Hearrenfean. Arriva is ien fan de ûntefreden sponsors. Nei ôfrin woene de hearen net in soad kwyt oer de ynhâld fan de byienkomst.

Sportklup Hearrenfean woe gjin kommentaar jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)