Untdekke mei Nynke Laverman

13 mrt 2009 - 11:34

Foar it programma Nomaden reizge Nynke Laverman nei Mongoalië dêr't sy in moanne lang libbe by in nomadefamylje op de steppe. Nei de Fryske fado en de Meksikaanse muzyk wie it neffens Nynke tiid foar in nije ûntdekking.

De libbenswize en kultuer fan 'e nomaden makken grutte yndruk op har en wie in fruchtbere boarne foar in album. Laverman skreau alle muzyk en teksten sels. Sneon begjint de teatertoernee en is it nije album ek te keap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)