Untbleating tongbliermonumint Ie

10 apr 2004 - 00:00

It wie sneontemoarn drok by de ûntbleating fan it tongblier-monumint yn Ie. Hast 200 doarpsbewenners wiene dêrby oanwêzich, fan lytse bern oant âlderein. It monumint, yn de foarm fan in bank mei ynskripsje, stiet oan de Humaldawei. Tichtby de pleats dêr't yn de maityd fan 2001 tongblier útbruts.

Mei it monumint wol it doarp in drege perioade ôfslute. Ek wolle se nochris elkenien betankje dy't him ynset hat om it doarp der wer boppe-op te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)