Unskuldige oppakt foar skiep

14 sep 2012 - 10:14

De plysje hat noch altiten gjin spoar fan de man dy't snein by Eastermar syn hûn op in keppel skiep ôfstjoerd hat. Acht skiep waarden biten. Fan 'e wike is in man oanhâlden dy't foldie oan it sinjalemint fan de fertochte. Ek it kenteken, dat trochjûn wie troch in tsjûge, kloppe.

Mar de man dy't oanhâlden is, hat gjin hûn en koe ek bewize dat er snein net op it plak fan it misdriuw wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)