Unseedlike mannen oppakt

22 maaie 2011 - 16:20

In 24-jierrige man fan Waskemar en in man fan 29 út Langsweagen binne sneontenacht oanholden omdat se in frou ûnseedlik betaasten. De Waskemarder die dat yn in hoarekasaak yn Drachten. De frou belle de plysje dy't de fertochte oanhâlde koe.

Op It Hearrenfean koe in man de hannen net thús hâlde yn in saak oan de Oude Koemarkt. Ek dy man waard oanholden. Beide mannen binne foar ferhoar ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)