Unrêstige nacht yn Drachten

13 apr 2014 - 11:13

De plysje hat in man fan 22 jier út Drachten oanhâlden fanwege asosjaal rydgedrach. Hy ried mei 100 kilometer yn de oere troch it sintrum fan Drachten, wie oan it bumperkleven, helle gefaarlik yn en ried hurd by fuotgongers del. De plysje hat it rydbewiis fan de man ynnaam en wol graach yn kontakt komme mei mear tsjûgen.

Yn Drachten is oan de ein fan de nacht op de Kaden ek in man oanhâlden foar fjochterij op strjitte. Mei in bekeuring is er nei hûs ta brocht, neffens de plysje om de rêst op de Kaden te bewarjen.

Earder waard yn Drachten in jonge oanhâlden, dy't besocht in hoarekagelegenheid yn te kommen, wylst er noch gjin 18 jier wie. Syn saak is oerdroegen oan Buro Halt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)