Unrêstige nacht op Kaden

10 mrt 2007 - 15:20

De Kaden yn Drachten belibben freed in ûnrêstige nacht. Der ûntstie spul bûtendoar neidat twa froulju klappen krigen hiene yn in hoarekasaak. In groep woe de beide dieders pakke. De plysje hat beide manlju oanhâlden.

Dêrnei moasten fyftjin plysjeminsken en in -hûn de groep op strjitte delbêdzje. In 19-jierrige Drachtster is oppakt. In oare Drachtster fan tweintich jier krige in boete omdat er tsjin in bankgebou oan pisse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)