Unrêst yn Fryske Wâlden

07 apr 2009 - 09:03

Deputearre Adema hat foar syn beurt sprutsen oer de begrinzing fan it Nasjonaal Lânskip. Dat seit de provinsjale fraksje fan de FNP. Adema sei koartlyn dat er de grinzen fan it Nasjonaal Lânskip Noardlike Fryske Wâlden opskowe litte wol om romte te meitsjen foar de Sintrale As.

De partij fernimt dat der troch dy útspraak ûnrêst ûntstien is yn de streek. In wurdfierder fan de FNP seit dat hjiroer ôfspraken makke binne mei boeren en oaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)